Hjoed mocht ik as earste fan Tresoar nei in workshop oer mobile apps. Tresoar hat in 'seat', stoel kocht by dizze klup en mei 20 kear gebrûk meitsje fan lêzings en workshops oer allerhanne ûnderwerpen. Nijsgjirrich?dit is't De ûnderwerpen dy't behannele wurde, slute hiel moai oan by de kursus 23 dingen.
De les fan hjoed wie foar my: ast in 'app'meitsje litst moatst it dwaan ast tinkst: 'wat soe it handich wêze, as...', it sjen as in ekstra service foar dyn klanten, de app op 'e tiid yntsjinje, in app bouwe litte yn meardere ferzjes en dy betinke dat (hast) alles mooglik is.
Rekkenje der wol op dat it program fan trije oant seis oere ta non-stop is en datst dêrnei de boer op kinst mei dyn persoanlike fragen oan de saakkundigen en datst dan oerladen wurdst mei tsiis, woarst en oare smaaklike hapkes en in drankje.
Wa giet nei de earstfolgjende bijienkomst?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten